Nije útdaging.
Somtiden komt fan it iene, samar it oare.
Nei in petear, hast in wike lyn, mei Wychard, Jesse en Wilco krige ik it fersyk wat oer mysels te fertellen, no’t ik m.y.f.
30 augustus 2021 by jim feriening de trainer fan de JO19 wurde sil.
Sport rint al fanôf myn fiifde jier as in reade tried troch myn libbe.
As lyts jonkje learde ik it fuotbaljen by vv Hurdegaryp en ek it einstasjon wie by dy klup troch in earnstige ankeblessuere.
Kontaktsporten waarden ferbean en nei in jier koe ik myn enerzjy kwyt by SV Friesland.
Mei in wedstrydlysinsje ha ik troch hiel Nederlân oan wedstriden oer ferskate ôfstannen
meidien mei as hichtepunt de marathon yn Rotterdam binnen 3 oeren hurdrinnend ôflizze.
Dochs wer it fuotbaljen.
Troch ús soan en in fraach fan Tjeerd Rijpma (âld sc Cambuur spiler) en doetiids belutsen by TTBC (Trynwâlden – Trynwâldster Boys komby foar de Jeugd) bin ik 4 jier trainer west fan de A1.
Ik krige de smaak te pakken en ha dêrnei by Broekster Wâlden trije jier in jonges team traind en by De Wâlden yn de selde perioade in froulju’s team.
Doe kaam trije jier vv Dokkum op myn paad.
Wer in komby. Moarns in jonges team en middeis op en út mei de ‘’Dames”.
De lêste 5 jier wie ik by SC Kootstertille, trije jier de JO19 en dêrnei de 2de seleksje.
Op in frjemde wize is in ein oan de gearwurking kaam, efkes ha ik tocht oan stopjen, mar doe kaam de fraach fanút Droegeham as de JO19 wat wie.
Safier is’t no kaam en sil it oangean.
Fansels wolle jim witte oer wa’t dizze tekst giet!
Ik bin Kees Westra, wenje yn Gytsjerk (Trynwâlden) en troud mei Anneke.
Us twa bern binne al lang it hûs út en wy ha trije pake- en beppesizzers.
Ik ha wurke yn de horeake en it ûnderwiis, mar bin no mei pensjoen.
Bin gjin stilsitter; hâld my dwaande mei fotografy fan ferskate ûnderwerpen, myn fototastellen binnne myn deiboeken sa no en dan enek skriuw ik teksten.
It hurdrinnen is bleaun, mar is gjin ‘’ferplichting’’ mear.
It trainen en coachen is al jierren in útlaadklep, posityf en fanatyk en as minskeminsk. Wol graach winne mar ha respekt foar de tsjinstanner as dy gewoan better is.
No dit is op dit stuit genôch.
Jim sjogge my wol, as komme my wol tsjin op sportpark ’t Doltsje’’.
Ik hoopje op in moaie tiid en goeie gearwurking by vv Drogeham.
Oant sjen!
Kees Westra